dcsimg

Kalifornysk grûniikhoarntsje ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Kalifornyske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Otospermophilus beecheyi; foarhinne: Spermophilus beecheyi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), it boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) en it skaai fan 'e rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus). Dizze soarte libbet yn 'e westlike Feriene Steaten en noardwestlik Meksiko, dêr't er frij algemien is en beskôge wurdt as maklik waar te nimmen. De beskriuwer, John Richardson, ferneamde it Kalifornyske grûniikhoarntsje yn 1829 nei Frederick William Beechey, in Britske seefarder en ûntdekkingsreizger út 'e iere njoggentjinde iuw.

Fersprieding en biotoop

It Kalifornyske grûniikhoarntsje komt rûnom foar yn 'e Amerikaanske steaten Kalifornje en Oregon, en op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. Koartby hat er syn areaal útwreide nei dielen fan 'e steaten Washington en Nevada. Hy jout de foarkar in rotsige biotopen mei strewelleguod.

Uterlike skaaimerken

It Kalifornyske grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan sa'n 30 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 15 sm. De pels is op 'e rêch, de kop en de boppekant fan 'e sturt spikkelbûnt, mei in brunige grûnklear dêr't witige of grizige plakjes op sitte. De bealch is folle ljochter, mei in krêmeftige of grizich wite kleur. Om 'e eagen hinne is it hier witich, en om 'e earen hinne swartich. De sturt hat de foarm fan in plomsturt, dy't foar in grûniikhoarntsje frij folumineus is.

"
In Kalifornysk grûniikhoarntsje oan it foerazjearjen op it strân.

Hâlden en dragen

Kalifornyske grûniikhoarntsjes libje yn eigengroeven hoalen dy't yn mienskip bewenne wurde, al hat elts eksimplaar syn eigen yngong. Hoewol't se maklik nuet makke wurde kinne, en op plakken dêr't faak minsken komme reewillich iten fan har oannimme, bringe se it grutste part fan 'e tiid op net mear as 25 m fan har hoale troch, en gean se dêr mar komselden mear as 50 m by wei. Yn 'e kâldere dielen fan har ferspriedingsgebiet hâlde Kalifornyske grûniikhoarntsjes winterdeis ferskate moannen lang in wintersliep, mar yn kontreien dêr't gjin snie falt, binne se almeast it hiele jier rûn aktyf. Op plakken dêr't it by 't simmer útsûnderlik hjit wurdt, hâlde se soms in stikmannich dagen in simmersliep.

Natuerlike fijannen fan it Kalifornyske grûniikhoarntsje binne earnen, waskbearen, foksen, dassen, wezelingen en fral rattelslangen. Kalifornyske grûniikhoarntsjes hawwe ferskate strategyen ûntjûn om har tsjin rattelslangen te ferdigenjen. Sa hawwe guon populaasjes yn Kalifornje in beskate ymmuniteit tsjin rattelslangegif ûntwikkele. De jongen, dy't sa'n ymmuniteit pas mei in moanne ûntjouwe, wurde wol beskerme trochdat it wyfke op âlde slangefellen omkôget en dan harsels en de jongen beslikket. Dêrtroch krije se de rook fan rattelslangen, en kinne se troch echte slangen dus minder goed opmurken wurde. Fierders skoppe Kalifornyske grûniikhoarntsjes, as se in rattelslange gewaarwurde, faak sân nei it bist, mei't de reäksje dêrop har helpt om yn te skatten hoe gefaarlik (want aktyf) oft it bist is, ôfhingjend fan 'e bloedtemperatuer fan 'e kâldbloedige slange.

Status

It Kalifornyske grûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn tunen en parken wurdt er gauris beskôge as skealik ûngedierte, om't er sierplanten en beammen oanfret.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

"Wikimedia
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Otospermophilus beecheyi fan Wikimedia Commons.
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Kalifornysk grûniikhoarntsje: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

It Kalifornyske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Otospermophilus beecheyi; foarhinne: Spermophilus beecheyi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), it boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) en it skaai fan 'e rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus). Dizze soarte libbet yn 'e westlike Feriene Steaten en noardwestlik Meksiko, dêr't er frij algemien is en beskôge wurdt as maklik waar te nimmen. De beskriuwer, John Richardson, ferneamde it Kalifornyske grûniikhoarntsje yn 1829 nei Frederick William Beechey, in Britske seefarder en ûntdekkingsreizger út 'e iere njoggentjinde iuw.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Spermophilus beecheyi ( Basque )

provided by wikipedia EU

Spermophilus beecheyi Spermophilus generoko animalia da. Karraskarien barruko Xerinae azpifamilia eta Sciuridae familian sailkatuta dago.

Erreferentziak

  1. Richardson (1829) Sciuridae Fauna Boreali-Americana 170. or..

Kanpo estekak

Ikus, gainera

(RLQ=window.RLQ||[]).push(function(){mw.log.warn("Gadget "ErrefAurrebista" was not loaded. Please migrate it to use ResourceLoader. See u003Chttps://eu.wikipedia.org/wiki/Berezi:Gadgetaku003E.");});
license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipediako egileak eta editoreak
original
visit source
partner site
wikipedia EU

Spermophilus beecheyi: Brief Summary ( Basque )