dcsimg
Image of Psammogorgia rectangularis
Unresolved name

Radiata

Radiaaldieren ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De radiaaldieren (Latynske namme: Radiata) foarmje in tuskenryk fan it ryk fan 'e bisten (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), dat tegearre mei it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) ûnderbrocht wurdt by it rangleaze tuskentakson fan 'e weefseldieren (Eumetazoa). Radiaaldieren binne alsidich symmetrysk boude bisten, dy't in mûle hawwe mei dêromhinne in krâns fan tentakels. Se omfiemje fierders twa sellagen: in bûtenste (de ektoderm of bûtenhûd) en in binnenste (de endoderm of binnenhûd), wêrfan't de lêste de termholte beklaait. Soms wurdt foar de radiaaldieren ek de term holtedieren (Coelenterata) brûkt, mar dat moat ûntret wurde, mei't dy namme foarhinne ek brûkt waard om 'e spûnsdieren (Parazoa) oan te tsjutten.

Underferdieling

It tuskenryk radiaaldieren bestiet út twa libbene stammen, wylst in trêdenien útstoarn is:

Ta de netteldieren hearre de skiifkwabben, polipen en koralen. Hoewol't in symmetryske lichemsbou yn 'e regel jûn wurdt as it definiëarjende skaaimerk fan radiaaldieren, fertoane guon netteldieren yn it larvale stadium in ûnmiskenbere twasidige symmetry. Dêrom tinke guon saakkundigen dat in twasidige symmetry him al earder ûntwikkele hawwe moat as by it útinoarfallen fan 'e radiaaldieren en de twasidigen, wat betsjutte soe dat symmetry yn radiaaldieren gjin primêr skaaimerk id. Sadwaande is de term 'radiaaldieren' no stadichoan út 'e graasje oan it reitsjen yn 'e wittenskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Radiaaldieren: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De radiaaldieren (Latynske namme: Radiata) foarmje in tuskenryk fan it ryk fan 'e bisten (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), dat tegearre mei it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) ûnderbrocht wurdt by it rangleaze tuskentakson fan 'e weefseldieren (Eumetazoa). Radiaaldieren binne alsidich symmetrysk boude bisten, dy't in mûle hawwe mei dêromhinne in krâns fan tentakels. Se omfiemje fierders twa sellagen: in bûtenste (de ektoderm of bûtenhûd) en in binnenste (de endoderm of binnenhûd), wêrfan't de lêste de termholte beklaait. Soms wurdt foar de radiaaldieren ek de term holtedieren (Coelenterata) brûkt, mar dat moat ûntret wurde, mei't dy namme foarhinne ek brûkt waard om 'e spûnsdieren (Parazoa) oan te tsjutten.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Radiata ( Tagalog )

provided by wikipedia emerging languages

Ang Radiata ay isang phylum sa kahariang Animalia.


Hayop Ang lathalaing ito na tungkol sa Hayop ay isang usbong. Makatutulong ka sa Wikipedia sa nito.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Mga may-akda at editor ng Wikipedia

Radiata ( Limburgan; Limburger; Limburgish )

provided by wikipedia emerging languages
 src=
De oerkwal (Aurelia aurita) huurt wie alle kwalle tot de radiata.

Radiata zie e taxon oet 't oonderriek Eumetazoa (bieste mèt weefsele). Ze umvatte twie stamme: de nietelbieste (Cnidaria) en de ribkwalle (Ctenophora). 'nen Daarde stam zien de Trilobozoa (neet te verwarre mèt de trilobiete!), die in 't Ediacarium leefde.

't Taxon Radiata is vreuger ouch gebruuk veur oonder mie Spoonze, Stekelhuiege en Plakbieskes, meh later oonderzeuk heet zoe'n indeilinge achterhaold. Ouch de huiege, oetgekleide definitie gelt es parafyletisch: de Radiata höbbe geine veurawwer die de Bilateria (alle aander Eumetazoa, boe-oonder alle hoegoontwikkelde bieste) neet höbbe.

De Radiata oondersjeie ziech same mèt de Bilateria vaan de Spoonsechtege (Parazoa) doortot ze echte weefsele (nerve en spiere, wie sumpel ouch) höbbe, en doortot ze symmetrie kinne. Ze versjèlle vaan de Bilateria doortot neet twiezijeg, meh alzijeg symmetrisch zien (zègk mer gerös roond). Spoonze zien ouch dèks roond, meh misse echte weefsele. Stekelhuiege (ziestare en verwante) zien ouch drejsymmetrisch, meh vertuine es larf dudelek twiezijege symmetrie. Dit heet detouw geleid tot dees taxa vaan de Radiata woorte aofgeplits. Ouch binne de 'huiege' Radiata zien neet alle soorte ech drejsymmetrisch.

De Bilateria stamme dinkelek vaan de Radiata aof; welke plaots ze perceis in de stamboum mote innumme is oondudelek.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia authors and editors