dcsimg

Oranje sâneachje ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De oranje sâneachje (Pyronia tithonus) is in flintersoarte yn it skaai fan de pyronia.

Foarkommen

It Oranje Sâneachje is algemiene stânflinter. De flinter komt yn twa ferskillende gebieten foar. Yn it noardeasten fan Nederlân en in it suden fan Nederlân. Dêr tuskenyn wurdt de flinter hast net sjoen.

Op de reade list stiet de flinters as no net bedrige.

Fleantiid

De flinter fleant fan begjin juny ôf, oant ein augustus. De flinter fleant altyd in ien generaasje.

Flinter

De wjuklingte fan de flinter is likernôch 16 oant 20 mm lang. De boppekant fan de wjukken is oranje mei brune brede rânen. Yn de wjukpunt sit in swart plakje mei twa witte streekjes deryn. It mantsje hat in grutte swarte geurstreek op de foarwjukken. De flinter is lang dwaande om te sinnebaden. Se sitte dan mei sprate wjukken op strûken, beammen of planten.

Rûp.

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp yn in gerspôle. De rûp fret fan ferskillende soarten gers.

Pyronia tithonus02.jpg

Sjoch ek

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Oranje sâneachje: Brief Summary ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De oranje sâneachje (Pyronia tithonus) is in flintersoarte yn it skaai fan de pyronia.

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren