dcsimg

Paazjes ( Western Frisian )

provided by wikipedia emerging languages

De Paazjes (Papilionidae) binne in famylje fan oerdeiflinters yn it skift fan de flinters (Lepiodoptera)

De famylje fan de paazjes hat likernôch 700 ferskillende soarten. De measte fan dy soarten libje yn de tropen. Yn Europa komme alve soarten foar, dêrfan yn Noard-Europa fjouwer. In soad skaaien libje op giftige planten en nimme dat gif op yn harren lichem. De rûpen besitte in osmatearium. Dat is in soart foarke-eftich orgaan dat se útstekke kinne. Wylst se dat útstekke skiede se in sterke krûdeftige stof út. Dy stof stjonkt, dêrmei hopet de rûp dat de fijân fuortgiet. Yn de famylje fan de Paazjes wurdt allinnich oerwintere as aai of as pop. De Healwaaks rûp komt net foar by de Paazjes.

Klassifikaasje

Sjoch ek

license
cc-by-sa-3.0
copyright
Wikipedia auteurs en redakteuren

Paazjes: Brief Summary ( Western Frisian )